Schrijvers om de Noord
![]() |
tekening door Ger Siks |
Bartle Laverman
Op romte
op bergen bin ik hiel gau
útsjoen:
ast'útsicht wolst,
poeh wat in swit en hymjen,
matst nei it heechste
en dêr
bist wer te heech om wat te sjen
ik wol graach witte
fan myn wei
sa fan: ik gean nei L.
en sjoch, dêr leit it,
of: it is noch net te sjen
fan it fier fuort
my krijt men dêrom
ek net yn in bosk
mar op romte
is te wêzen!