Schrijvers om de Noord

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Tsead Bruinja
tekening door Ger Siks

Tsead Bruinja

-

hjir bealgje wy yn flessehâldingen diktearre
troch fjoertoer nachten fan ikehout en single malt
ús lichems bline kuorkes fol wyngesnoark
yn in kearsrjochte swalkersreis omheech

de feart oer it skip yn
it skip fan dizze nacht wie ien
en net itselde

de treeplanke del boartlik bryk
it paad wie ien
en net itselde

ik telde it hier op dyn boarst
dêr't de mânske leafde huze
dy't dy lytser makke as it tekken
yn it bêd it iennichste plak
dêr'tst om in gesicht ferlegen sitst
bestoppest my mei in gedicht
in tik op 'e noas en in dream

der is in dream dy't dizze nacht ta ôfskie wêze soe
mar folslein krûpte se yn it fet werom
stil as op it eilân in mar dy't fan de wylde see weet hat
genôch om har net troch fiskerssoannen betraapje
te litten mei allinne mar in earste stap kopke ûnder
kopke ûnder sil ik my bedrinke
oant ik alles út har preaun haw
de see de mar it sâlt it swiet it soer
en de wyn har gelyk de wyn har gelyk

har skientme bedjert my

vorige
volgende

 

Schrijf ons