Schrijvers om de Noord
![]() |
tekening door Ger Siks |
Tsead Bruinja
Sitaat 1
hân do dochst te min
dat wit it fjoer dat wachtet
dat wit it wurk dat leit
hân
de kerrel sân ûnder de simmerfoet
de snieflok yn 'e bernehân
it droege hert yn it bange minskeliif
it tydlike yn it tydlike
dêr't ik fan miende dat it
frege om in minskehân
hân do nimst my net serieus
en alles dochst heal
útsein sear dan bist as koraal
dan stekst as stien
hân wêrom stiet net dy oar
har namme op dyn rêch
en wol myn ferhaal yn dyn búk