Schrijvers om de Noord

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Tsjêbbe Hettinga
Olieverfschilderij door Trudy Kramer

Tsjêbbe Hettinga

Frjemde Kusten

Oan swarte stielkabels hawwe de bokken
De nacht boppe see en haven úttakele.
De gjalpen fan seefûgels, op it wetter
Yn 'e slomme, binne oernommen troch fammen
Dy't op hichte havenjonges befleane.
De wyn, dy't sâlt en frjemde tongslaggen ynhat,
Sylt plichtmjittich as in parlefinker troch
De wetterstrjitten fan 'e stêd, de kaaien del
Dr't de houdini's fan de grutte feart fluch
De boeien fan de lange dining ôfdogge,
De stegen troch nei dearin'de herten, om
Lichtsinnich oan 'e swier te gean mei roken fan
Lavendel, lear, knyflok, tabak, benzine.
De drokke kaaien en de wurge neisimmer,
De bokken en de mokkels fine elkoar
Net: sykjend in seeman, dy't noch lânrôt is. Ik.
Oerenlang doal ik troch it havenkertier,
Drink yn 'e dokkroegen: ûnder de dekmantel
Fan nacht en neon befarre rossige
Froulju de koaien fan it wrakke skip De Wrâld
(Mei poaiers oan 'e pompen dy't de triennen
Eazje). De útholjende boat fan 'e moanne
Besylt koel de súdlike kontininten,
Dy't op 'e wetterkaarten fan myn oantinken
Skatten krúst ha mei de nammen fan havens,
Mei de kielen fan kriezjende seefûgels, mei
De grize eagen fan in oerstutsen mem.
Ja, alle havens lykje op inoar, wit ik,
En, lyksa, de sulverrôvjende froulju.
Kom leave, ropt ien. Dat sizze se allegear,
Oeral. Nee, thús wol ik wêze, al is 't mar
Foar in nacht, en sykjend slaan ik de taxi's acht.

vorige
volgende

 

Schrijf ons