Schrijvers om de Noord

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Trinus Riemersma
tekening door Ger Siks

Trinus Riemersma

In natuerlike foto

Ik woe my op it postkantoar legitimearje mei myn rydbewiis, mar it frommeske sei dat it al seis jier ferrûnwie. Ja, der stie it jiertal 2000 op, mar ek it jiertal 2008 en dêr hie ik mei rekkene.
  Op it gemeentehûs sei it frommeske – in oar frommeske fansels – dat it rydbewiis wie yn 2000 ferrûn, en dat jiertal 2008 sloech opwat oars, te witten dat ik dan in nije rydfeardichheidsproef ôflizze moast. Der moast in nij rydbewiis komme, ik moast 34 euro meinimme en in foto neffens de nijste foarskriften.
  Ik melde de fotograaf dat ik in pasfoto ha moast neffens de nijste foarskriften. Jo witte der alles fan? Ik wit der alles fan, sei er. Ik moast op in krukje sitte en rjocht yn ’e kamera sjen. Ik sette in brimstich gesicht want fan ’e tillefyzje wist ik dat jo abslút net gnize meie.
  It duorre in pear minuten en doe wienen de foto’s klear. De man lei der sjabloan oerhinne en dikere der wakker op om. De ynplanting fan jo earen is net goed te sjen, sei er. Ik wit net oft dit wol akseptearre wurdt. Ik wit net, ik wit net. Mar ik wit it wol, wy dogge it oer. Wolle jo it hier wat efter de earen strike?
  Ik wie wiis mei myn foto’s, mar it frommeske op it gemeentehûs net. Jo earen binne net goed sichtber. Mar ik haw it hier wol efter de earen strutsen. Ja, mar jo burd net. Ik kin myn burd net efter de earen strike. Kinne jo it dan net wat beknippe of mei wat wetter glêdstrike? It stekt alle kanten út. Ik ha grif wer in brimstich gesicht set, want se sei: Ik kin dit abslút net akseptearje!
  Dat ik earst mei it burd ûnder de kraan en doe wer nei de fotograaf. Myn earen stienen der prachtich op. It soe no wol klear wêze.
  Dat wie it net, ik trof in oar frommeske en dy hie oare noaten op ’e sang. Gjin wurd oer myn kreaze earen, ynstee dêrfan: Wat ha jo it hier wyld op ’e holle. Ja, hierkjimmen hat by my in lege prioriteit moarns. In stikje bôle, in slok kofje, in heal sigretsje en dan de hûn der út. Dat hierkjimmen komt letter wol, mar soms ferjit ik it in hele dei. Dat is fansels tige sleau en ik fûn it beskamsum om dat op te bychtsjen. Dêrom sei ik: Ik piel noait net folle mei it hier om, my tinkt, in minske moat tefreden wêze mei sa’t er út ’e hannen fan ’e skepper kommen is.
  In tûke set, tocht my, want wy wenje yn in kristlike gemeente. Fansels naam se wraak: jo hawwe it loftereach heal ticht! Jo moatte beide eagen iepen ha op ’e foto. Dêr kin ik neat oan dwaan, sei ik, ik haw kanker hân en doe is my it each healticht sakke. Bliuwt dat tenei sa? Ja, dat wurdt noait wer better. Gelokkich mar, sei se, ynienen wat freonliker. Dat ’s teminsten in konstant skaaimerk.
  Hè-hè, tocht ik, mar dat wie te gau. Der sit in flekje op jo foarholle, wat is dat? Ik ha my werris stompt oan it kastdoarke boppe it oanrjocht. Dat komt, ik bin in yntellektueel, ik bin altiten yn prakkesaasjes. Ik krij wat út it kastke en dan ferjit ik om it doarke ticht te dwaan en in skoft letter stomp ik my dan. En altyd op itselde plak? Nee, gelokkich net!
  Dat it kin barre dat jo troch de plysje oanholden wurde mei in smertplak hjirre – se wiisde nei de rjochterkant fan har holle -, mar op de foto sit dat smertplak dêre, lofts – se wiisde nei de foto. Ja, dat kin samar, sei ik. Nee, dat kin dus samar net! rôp se. It giet om de konstante skaaimerken en net om de tydlike skaaimerken. Jo geane nomar nei hûs ta en jowachtsje oant dat plakwer better is, en dan litte jo in nije fotomeitsje.
  Miskien kin de fotograaf dat plakje wol fuorthelje mei in fotobewurkingsprogramma, besocht ik foarsichtich. Binne jo bedondere! rôp se lilk. It moat in folslein natuerlike foto wêze!

vorige
volgende

 

Schrijf ons